Dirkje Zijlstra-Koopmans ​‘Dukke’​
✩ Ferwert, 5 maart 1938
† Grou, 20 april 2020​

Dirkje Zijlstra-Koopmans ​‘Dukke’​
✩ Ferwert, 5 maart 1938
† Grou, 20 april 2020​

Leafde jaan is in ryk gefoel,
leafde krije is in ryk besit;
leafde diele is rykdom​

Rouwkaart

7 Condoleances
  • B.j. van Nek
    Geplaatst op 09:16h, 24 april Beantwoorden

    Beste Johannes,
    Juster en hjoed jimme advertinsjes yn de Ljouwerter Krante sjun.
    Fan herte condoljerre mei it ferlies fan Dukke.
    Wy moasten beide tinke oan it leave kontakt dat us mem mei
    jimme hie.
    Wy winskje jimme in protte sterkte
    Bob Jan en Tineke
    Ljouwert

  • Jouke en klaske Hallema
    Geplaatst op 15:19h, 24 april Beantwoorden

    Wij winskje jim hiel folle sterkte ta yn dizze moeilijke en besundere tiid.

  • Hilda Kramer en Sjouke de Groot
    Geplaatst op 15:31h, 24 april Beantwoorden

    Wij wensen de familie en na bestaande alle sterkte 😘

  • Lolke en Jantsje Kalsbeek
    Geplaatst op 20:30h, 24 april Beantwoorden

    Bêste buorman Johannes, Germ en Aukje, Meile en Roelie, Afke en Lútsen en bern,
    It spyt ús, dat jim jim leave frou, mem en beppe Dukke misse moatte.
    Wy hawwe in protte goeie oantinkens oan de jierren, dy’t we meiïnoar meimakke ha.
    Yn de tiid dat we buorlju wiene: ús bern hellen sels it boartersguod foar’t ljocht, wylst wy sieten te kofjedrinken.
    Letter troffen we elkoar op jierdeis, by klupkes en aktiviteiten: meiïnoar itensierde, blomskikke, stokjerinne, te fytsen en
    ferhalen skriuwe mei Vrouwen van Nu. It wie altyd gesellich: mei kofje, tee en eigenbakte cake of koeke elkoar ferhalen fertelle:
    de iene kear om te laitsjen, in oare kear om oer nei te tinken of oer eartiids. . . .
    De jierferslagen fan de Plattelânsfroulju op rym; dat slagge oars net ien.
    En wat wie se wiis mei al har beppesizzers en koe se genietsje fan de avontueren, dy sy belibben.
    Mar wat wie it slim, doe’t har holle en tinken har ‘yn ‘e steek’ begûn te litten . . . Wat ha jim meiïnoar in protte noed foar har stien.
    Wy winskje jim in protte sterkte ta, mar hoopje ek dat alle goeie oantinkens en de moaie dingen, dy’t jim as famylje mei elkoar belibbe ha,
    jim ta stipe wêze meie yn dizze drege tiid.

  • Meinou Piebenga en Hylke Tromp
    Geplaatst op 11:25h, 25 april Beantwoorden

    Johannes, bern en bernsbern

    Doe’t ik goed 50 jier lyn yn Reduzum kaam te wenjen, wie Dukke ien fan de earsten mei wa’t ik kontakt krige: se hie by myn suster Grite yn ‘e klasse sitten op de kweekskoalle. Dat fielde drekt fertroud en dat is altyd sa bleaun. Net dat wy in soad mei-inoar omgongen, mar Hylke en ik makken altyd in praatsje mei har as we har op ‘e dyk tsjinkamen en we hienen respekt foar de wize wêrop’t se yn it libben stie. Der binne net folle minsken sa sosjaal en meilibjend.

    De lêste tiid, foar’t se nei Grou gong, krigen wy it idee dat se net rjocht wist wa’t wy wienen, mar dat koe se goed ferbergje. Hoe’t it letter mei har gong, hawwe wy allinnich fan hearren en sizzen. Miskyn is it goed dat dat net al te lang duorre hat.

    Sa’t se hjoed foar de lêste kear troch it doarp ferfierd waard, wie yndrukwekkend mei al dy minsken oan de kant fan de dyk. Faaks is der in nije tradysje berne, ôftwongen troch corona, mar it die ús in soad.

    Johannes, Germ, Meile en Afke en alle oaren dy’t ik net kin: Sterkte!

  • Henk en Anja Bijl
    Geplaatst op 13:26h, 25 april Beantwoorden

    Gecondoleerd met het verlies van je vrouw, jullie moeder en oma.
    Heel veel sterkte.

  • Wim van Gorkum
    Geplaatst op 18:56h, 25 april Beantwoorden

    Bêste famylje,
    Út namme fan myn gesin en myn heit, mem, Jaap en Oebele wol ik jimme sterkte winskje, no’t jim “ús buorfrou Dukke” misse moatte. Ek foar ús bliuwt it werom tinken oan de leafe buorfrou dy’t foar elst klear stie!

Laat een condoleance achter

Call Now Button